|
Abe 1
Kinne we úteinsette mei de
gearkomste?
Abe 2
Eefkes noch. Ik mei opnij opstarte.
Abe 3
Ik fyn it mar niks dat it salang duorret foar’t
we einlings begjinne kinne. Ik ha it idee dat alles al lang en breed
besprutsen is. Sa kin ik myn ynfloed net mear jilde litte. Ik bin
gjin akteur dyst samar in tekst foarleist! Ik leppelje net samar in
tekst op! Dêr wurd ik net foar betelle!
Abe 1
Eh ja, dat is net wêr’t it om giet. Somtiden
duorret it wat langer ast soest wolle hé…
Abe 1
Wêr giet it einliks oer?
Abe 1
Byldentaal. Senses. In omjouwing dêr’t alle
sinnen prikele wurde…
Abe 2
Komt dat út dy brief?
Abe 1
Ja. Der stean wol mear moaie sinnen yn. Gewoan
alles mar yn ‘e tekst dwaan?
Publyk
Earst alles opslaan.
Abe 1
Ik sla de feroarings op.
Abe 2
Sille we earst de sinnen telle?
Abe 3
Goed plan. Fiif liket hjir it magyske
getal.
Abe 1
Prymgetal?
Publyk
Jawis! Ken yn jo tebektinken de fiif punten fan
it pentagram. Mins wurdt skepper. Hieltyd wer tebûket ferbittering
oant alle hope út jo wêzen ferdreaun is. Label de oerbliuwsels.
Misantropysk nihilisme. Mei rjocht en reden binne we bang foar de
gefolgen fan ûneigenlik gebrûk fan ‘e sinnen.
Abe 1
Binne we mei ús trijen?
Publyk
Us ûnderfinings binne machtiger dan we oait
mjitte kinne. Mar alles streamt troch dizze fiif kanalen. Sintugen
binne natuer.
Publyk sjongt Abe moed yn
Tekst: Marc R. Kooij
Oanfollings: Elmar Kuiper
LIBBENSKOADE
Abe Sukses #2
in doar waait iepen, ljocht streamt de gong
yn
immen rint nei bûten, it gesicht fan in
frou
har lippen ferwege, se praat oer leafde en
freonskip
ik doch de eagen ticht en ferflok it
minskenras
neat bliuwt oer fan jeugd en
bernetiid
in soad is ferlern, de kliber grommet
sêft
yn ‘t feale ljocht dûnset in iensume
steatsman
in stadiche wals foar de betiisde
Ierde
start de motors, lit it spul
begjinne
de kliber stiet op en freget om mear
stadich giet it bloed nei myn wurge
eagen
de kliber stiet op en freget net
mear
de kliber stiet op en wol net mear
de kliber giet fuort en hoecht net
mear
de kliber giet fuort en bestiet net
mear
A 3-1-2-4-5
B 3-4-5-1-2
C 3-5-4-1-2
D 3-5-1-2-4
E 3-5-1-4-2
Súkses!
Us súkses!
Abe súkses
Wize frou
Kuierjend troch dit Fryske paradyske treffe jo
ferskûle tusken de âlde bosken, iepen plakken en smûke hoekjes oan.
Hjir yn it beamtegrien komt hast fansels in ferhaal op
gong.
Abe 1
De burden groeie
Abe 2
De winter ticht
Abe 3
It friest yn ‘e holle
Wize frou
Dizze ferhalen wurde troch keunstners ta libben
brocht, sa gau’t de rispinge binnen is en it goed tôvjen is op ‘e
tún. De skimer, dy’t lokket mei al har geuren, noeget út ta in
kuiertocht.
Publyk
Hey maestro, how’s life?
Abe 1, 2 en 3
Life’s cool.
Publyk
Life is real.
Wize frou
It libben is mear as in jefte. Wa’t in swak hat
foar drama komt dizze jûn genôch oan syn of har gerak.
Abe 1,2 en 3
No hard feelings.
Wize frou
You’re dead asshole!
Abe 1,2 en 3 draaie de holle ôf
Publyk
Hahahaha. Abe sla op! Sla op! Sla op
Abe!
Abe 1
Ik slút alle bestannen en sla alle feroarings
op.
Publyk
Wy binne de fiif publike tsjûgen. Go for it
son!
Abe sla op! Sla op! Sla op Abe!
Abe 1
Sá, dat is opslein.
Abe rint de tsjusterens yn en raast fan in ôfstân mei in
monotoane stimme yn ‘e kamera
Abe 1
Myn buorfrou wennet net fier
hjirwei!
Tekst: Marc R.Kooij en Elmar Kuiper
SUPER ABE FERSUS WIZE FROU
Wize frou
Super Abe, kinsto my hearre? Ik wol dy wat
fertelle. Super Abe, wêr bisto? De blêden flústerje dyn namme. Super
Abe, ik smeekje dy, jou dochs antwurd, it is hjir sa kâld en
tsjuster.
Super Abe
Ik bin hjir. Myn kat sliept op ‘e skurte en
spint in sêft liet. Hy hjit Mikkie. Hy is kastrearre.
Wize frou
Wier o wier Super Abe, wier of net wier. Myn
ear is iepen mar heard de oanwizings net. Myn stimme flústert mar
fynt de harker net. Wier o wier Super Abe, wier of net
wier?
Publyk
Wier o wier Super Abe!
Super Abe
Ik stean hjir. Myn hûn is dea en wol net mear
mei my prate. Myn dea is mines net, it is myn hûn dy’t foar my yn it
plak stoarn is. It is it plak fan ‘e nacht, it is it plak fan ‘e
dei. Ik bin stjerrekundich. Ik bin rûnom.
Wize frou
Ik ha rûnom socht, yn myn jeugd en yn myn
takomst. Myn hannen taaste lâns de muorren fan it ferfal, myn
fuotten skoffelje oer smelle paadsjes lâns de libbensfoljende
marren. De hierren op ‘e holle binne griis fan it prakkesearjen. De
hierren groeie dea op ‘e plasse. Myn fuotten binne opset. Ik krij
blierren op myn wurge fuotten. De blierren tebarste. De ieren yn myn
lichem wurde âld fan it sykjen Super Abe. De ieren slippe yn it
tsjuster ticht.
Publyk
Wize frou, hat jo wiisheid jo ferlitten? Wy
hearre jo libbenswurgens trochklinke yn jo taal. Wize frou, jo lije
ûnder jo eigen swierwichtigens. Jo bouwe jo lijenswei mei ôfslipe
stiennen, jo stapelje domwei klisjee op klisjee.
Wize frou
Okay, okay it stiet der wol op…
tekst: Marc R. Kooij en Elmar Kuiper
BENNY NEYMAN
Kommentaarstimme
Efter de ferbaarnde brêge leit de dream dy’t wy
takomst neamden. Ljocht parset har muoisum troch it tsjustere wâld.
In nachtlike stimme boart har in wei troch dyn plasse.
Wize frou
Ynkompetinsje?
Kommentaarstimme
Ynkompetinsje. In kâlde wyn waait oant yn it
djipst fan dyn mûle en streaket dyn âlde follings. It moas ûnder dyn
fuotten dûnset yn in weagjend ritme wylsto dy stadichoan ferwiderest
en nije yndrukken sikest op in mei soarch oanlein
parkoers.
Benny
Wêrom prommelje ik dyn namme noch. Wêrom kin ik
it byld fan dyn jonge antlit net ferdriuwe út myn wêzen? Wêrom
bliuwe myn sinnen ôfsletten fan nije yndrukken. Hoelang noch bliuwt
it fergif fan dyn oantinken yn ‘e geast omspoekjen.
Kommentaarstimme
In wiere kaptein ferlit syn skip net foar’t it
oan anker leit en de feilige haven yn it sicht is. Hieltyd wer wurdt
it sketste byld fersteurd, wurdt it fisioen ferbrutsen. Hieltyd wer
slaat leafde om yn haat en krijt de ynterpretaasje fan ‘e oanleverde
ynformaasje in negative lading.
Hieltyd wer krijt it kwartsje fan
Kok de folle oandacht.
Wize frou
Jo sjogge de dingen graach ûnderbeljochte.
Besef wol dat de risseltaten ôfhinklik binne fan jo ynset en jo
belutsenheid by de ûntwikkeling fan it produkt. Jo tsjinje al jo
sinnen te setten op it berikken fan dit iene doel. Jo rjochtsje jo
folslein op it meitsjen fan it ultime wurkstik.
Kommentaar
Focussed op ien doel! Jo tsjinje al jo sinnen
te setten op it berikken fan dit iene doel, jo folslein te
rjochtsjen op it meitsjen fan it ultime wurkstik.
Benny
Dat sei de wize frou sa niis ek al.
Kommentaar
Ik bin net makke út stien en kin dyn oanmerking
net samar slûpe litte. Ik fiel de ûnmacht en lilkens tanimmen. Ik ha
in wearze tsjin wiisnoazen lykas dy. Sa kin it net langer, as it sa
moat dan skriuwsto tenei dyn eigen teksten mar!
Benny
Myn sinnen binne blust. It wie moai, it wie
goed. Betanke! Oant sjen!
Tekst: Marc R. Kooij
Oanfollings: Elmar Kuiper
SWIERE RIDDERS
Wize frou
Abe, Abe, Super Abe harkje goed nei myn wurden.
Sûnder wurden fertel ik oan dy myn namme.
Ik bin it dy’t yn it djipst fan dyn siel sjocht
en mei in fergrutglês splinters pine opspoart. Ik bin it dy’t dyn
wûnen fan binnenút hielet, dy’t dyn hûd fersoarget mei lekkere
wûnderoalje. Super Abe, ek ik hear de gemiene roppers, de skrassende
roeken dy’t gemien laitsje kinne, dy’t gemien sjogge en gemiene dingen
sizze, dy’t se eins net miene. Myn sinnen binne útsprutsen en
miend.
Abe
Super Abe, ik rop dyn namme. Jou
antwurd.
Abe molewjukket mei de earms, stekt rjochterhân út
Ik bin myn geast.
Panykskopper
Ik twivelje oan it nut fan dizze
gearkomste.
Abe
Kreas yn ‘e klean stean ik yn it bleate ljocht
en hear it oehoe oehoe oehoe oehoe gerop fan ‘e wize ûle. Yn ‘e
nacht set ik ôf. Underweis moetsje ik myn tsjustere ik by de wâl fan
‘e rivier. In waarm lichem streamt troch my hinne, as in goed folle
glês read bier. Tsjoek tsjoek tsjoek klinkt de meganyske rop fan ‘e
melangoalyske klyster op in toarre tûke.
Wize frou
Dizze gearkomste giet om dyn fertolking fan
Abe, Super Abe. Do spilest de haadrol yn dit persoanlike dramastik.
Nimmen kin dy treast jaan Super Abe, do bist allinnich.
Abe
O har roazige wangen wol ik tútsje. O har mûle
smakket as in ripe abrikoas. O har tuten smeitsje nei Venus. Ik
sjoch omheech en tútsje gitswarte lucht. O ik krij de swartlakers op
‘e hân. De antike woartels rotsje ûnder myn skonken wei.
Panykskopper
Dat besef moat trochklinke yn ‘e taal dyst
sprekst.
Abe
De planeet dêr’t ik op wenje is in stiennen
skoech.
Oan ‘e foet fan ‘e metalen God groeit de
sitrusbeam. Almachtige agrariër, dûns en drink op it feest fan ‘e
rispinge. Til jo skonken op en syl fuort op ‘e klanken fan ‘e swiere
ridders.
Tekst: Elmar Kuiper
Oanfollings: Marc R.Kooij
NORTON FIRUS
Abe
It moat noflik klinke, sadwaande set ik twa
toanen by elkoar. Oe aa. Efter dizze toanen leit in leger
toansoarten ferskûle ûnder it wiete gers. Betiid yn it jier sjitte
se sie en groeie se fluitsjend de grûn út. De ambysjes fan ‘e griene
aspiranten rikket fier! Se stekke harren puntige koppen op en poetse
harren hillige lippen. Se lizze in gersfjild fan lead oan by de
bange boarger. Bytiden moetsje ik in laitsjende klown yn ‘e
tsjustere kantine fan ‘e Grutte Steat. It is in duvelske maniak,
dy’t kapsules bloed stikken byt en laket mei reade tosken. Hy wol my
de kroan fan it aktearjen ôfnimme. Mar hy… hy aktearret as in
oankommeling. Syn amateuristyske skatterjen docht pine oan ‘e earen
fan ‘e follearde oefeners, de beropsakteurs, dy’t roppe en raze om
bôle en wetter. Leaver draai ik my om en rin werom nei it iepen plak
yn it wâld, dêr’t de leave bliidskip ropt, de sprinkhoanne as in
skjinne bister baait yn it ljocht.
Panykskopper
De oefeners kenne harren skiednis goed, mar
sjogge gjin ljocht yn hokfoar gearwurking dan ek.
Se falle stiif op ‘e knibbels del en stelle
bôle út ‘e mûlen fan ‘e wiere stribbers. Alles draait om ‘e
wijingsdûns. Alles draait om ‘e wijingsdûns.
Wize frou
Alles draait om ‘e wijingsdûns. Alles draait om
‘e wijingsdûns. Alles draait om ‘e wijingsdûns.
Abe
Dûnsje!
Wize frou en panykskopper dûnsje in pear tellen
Wize frou en panykskopper
De dûns kin gjin ekspresje. De dûns kin gjin
ferwiten. De dûns kin gjin takomst. De dûns is oerflakkich en
befruchtet stjonkend de ivige meanfjilden.
Abe
Ik ha kramp yn ‘e fingers fan it wrotten yn ‘e
grûn. Myn hannen ferkrampe. Ik bin in glimmige wjirm dy’t yn twaën
hakt wurdt troch de leppe fan ‘e boer. Bliedend en kronkeljend libje
ik fierder yn twa helten. Ik bin in smaaklike trofee foar de
groulivigen, in slachtbaarch op it spit fan ‘e jager. Ik bin in
reahart. Myn hoarnen hingje oan ‘e muorre by de bankier, de dokter
en de notaris.
Wize frou
Ik bin springende lilk! Ik ha skjin myn nocht.
Myn nuodlikens is op. It is dien mei de leave frede! Ik smyt myn
fjoerballen yn dyn rjochting. De aardichheid is derôf. Yn ‘e
fjoersee baarnt in lytse rotfonk…
Panykskopper
Dôfje it fjoer, dôfje it fjoer!
Wize frou
It is te let…myn rêstige wiisheid bestiet net
mear.
Abe
It nortonfirus is in krêftich kompjûterfirus
dat jo antyfirus útskeakelt en de oanfier fan farske firussen
tastiet en soarget foar in folsleine ferlamming fan it
bestjoeringssysteem fan jo flitsende softwaremjittichstjoerde
masine. Jo kompjûter rekket fan slach en kin yn in jiskepûde by de
dyk delset wurde. De fentilator rint fêst, de bios is ûntregele, de
hertkleppen bejouwe it en de ynterne prosessor fleant yn ‘e brân. Ek
dizze kompjûter is ôfskreaun.
Abe, wize frou en panykskopper klopje op ‘e beammen
Abe, wize frou en panykskopper
De hjerst kloppet op ‘e beammen
Publyk ropt en stampt mei de fuotten op ‘e grûn
Publyk
Hu ha ha ha
Hu ha ha
Hu ha ha ha
Hu ha ha
Hu ha ha ha
Hu ha ha
Tekst: Elmar Kuiper
Oanfollings: Marc R.Kooij
DE WET
Foarboade
Ynkoarten komt ús ûnderhâldstsjinst by jo lâns
om it jierliks lytsûnderhâld by jo te dwaan. Wolle jo de lytse
reparaasjes al fêst notearje? Dan kin ús fakman fuortendaliks oan ‘e
gong.
Reparateur
Mannichien hat my help bean yn drege tiden. Ik
kin net fleane útsein yn myn geast. Ik feroarje yn in earn en
besjoch de wrâld op in ôfstân. Ik gnirje yn eigen earen en fei by
thúskomst it bloed fan ‘e fingers ôf. Myn trauma’s lizze beskûle yn
it wâld. Dêr steane twa tuorren, de stiennen eachlûkers dy’t
regearje mei izeren fûst, sels oer harren grêf hinne. En ik fiterje
myn hynder oan, myn hynder fjouweret troch leech strewelleguod. Wy
flechtsje foar de deadlike krêft fan ‘e boekebeam.
Foarboade
Mei it gemak as fan in wiet himmeldoekje wurdt
jo wente sûkerskjin en yn ‘e âlde steat werombrocht. Muzyk wurdt
oant middernacht live spile troch in fiifmansorkest. Dêrnei sil de
dj it entertainmentpart foar syn rekken nimme en jo ta de nacht út
bedjerre mei de klanken út syn stereo-ynstallaasje.
Reparateur
De normale ûnderhâldsreparaasjes en steurings
kinne jo alle wurkdagen melde fia tillefoannûmer
058-2334133
Foarboade
In slim fersom. It is gjin drigemint. It is de
wet.
Tekst: Marc R. Kooij
Oanfollings: Elmar Kuiper
|