Vincent Thomas Bręge

Aantiteling

De moarn is by kyps. Auto's as dinky-toys
rűgelje oer Vincent Thomas Bręge,
bręge fan farwol, mei hiel it spektrum oan hoi's
fan pearkes, selsmoardners en de junk dy't
de moanne yn it wetter foar wite snie hold.

Kontenerskippen út Singapore en
Rotterdam driuwe as kantele flatgebouwen
de haven yn, falle stil űnder de elevatoaren;
swingend de laadromten troch krij' hja linich
as kreamheinsters it wűnder fan fracht op.

Fan kaboem, kaboem komme de treinen op gong.
De kadâns fan wagons draacht de grűntoan
fan blues honky tonk. By alle beweech
stean ik stil by it byld fan myn oarsprong,
in blauw' boerinne op Vincent Thomas Bręge.

Tekst: Eeltsje Hettinga