Karaoke met De Zoete Haan Keu
Karaoke met het publiek
De kliber grommet sêft / De massa gromt zacht
Abe de Vries neemt de prijs in ontvangst
in doar waait iepen, ljocht streamt de gong yn
immen rint nei bûten, it gesicht fan in frou
har lippen ferwege, se praat oer leafde en freonskip
ik doch de eagen ticht en ferflok it minskenras
neat bliuwt oer fan jeugd en bernetiid
in soad is ferlern, de kliber grommet sêft
yn ‘t feale ljocht dûnset in iensume steatsman
in stadiche wals foar de betiisde Ierde
start de motors, lit it spul begjinne
de kliber stiet op en freget om mear
stadich rint it bloed nei myn wurge eagen
de kliber stiet op en freget net mear
de kliber stiet op en wol net mear
de kliber giet fuort en hoecht net mear
de kliber giet fuort en bestiet net mear
A 3-1-2-4-5
B 3-4-5-1-2
C 3-5-4-1-2
Súkses!
Us súkses!
Abe súkses